Louis Choris
Louis Choris (Jekaterinoslav, 22 maart 1795 - ûnder Veracruz, Meksiko, 22 maart 1828) wie in Dútsk-Oekraynsk keunstskilder, litograaf en ûntdekkingsreizger. Hy wie ien fan de earste keunstners dy't foarfallen op ûntdekkingsreizen fêstlei.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Louis Choris, in Oekraïner fan Dútsk komôf, waard berne yn Jekaterinoslav, it hjoeddeiske Dnipro, yn Oekraïne. Hy besocht de Pasifyske Oseaan en de westkust fan Noard-Amearika yn 1816 oan board fan de Rurik as detasjearre keunstner op de Romanzoff-ekspedysje ûnder kommando fan luitenant Otto von Kotzebue, dy't útsjoerd wie om de noardwestpassaazje te ferkennen.
Fan Choris is sein dat er 'de natuer skildere sa't er dy oantrof. De kearn fan syn wurk is wierheid; in frisse, enerzjike kyk op it libben en oarspronklikheid fan skilderjen.' Choris sun wurk mei dêrom beskôge wurde as in betroubere werjefte fan syn ûnderwerpen. Nei de reis mei de Rurik ferfear er nei Parys dêr't er syn portfolio mei tekeningen litografysk fermannichfâldigje liet. Ek studearre dêr yn ateliers fan Gerard en Regnault. Choris wurke doe fral yn pastel. Hy dokumintearre it folk de Ohlone op de misjes nei San Fransisko yn 1816. Syn net te behearskjend langstme nei aventoer brocht him yn 1827 fan Frankryk neiSúd-Amearika. Op 22 maart 1828, ûnderweis nei Vera Cruz yn Meksiko, waard er oerfallen troch rôvers en fermoarde.[1]
It Anchorage Museum of History and Art, it Honolulu Museum of Art en it Oakland Museum of California hawwe wurk fan Louis Choris yn de kolleksje.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Kamehameha, Kening fan de Hawaï-eilannen, 1816, Keunstmuseum Honolulu
-
Kaahumanu, frou fan de Hawaï-eilannen, 1816, Keunstmuseum Honolulu
-
Ynterier fan in hûs fan in opperhaad fan de Sandwich Islands fan Louis Choris, 1816, Keunstakademy fan Honolulu
-
Men's dance in the Sandwich Islands, 1816, publisearre 1822, Nasjonale Bibleteek fan Nij-Seelân
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Eigen wurk
- Voyage pittoresque autour du monde: avec des portraits de sauvages d’Amérique, d’Asie, d’Afrique, et des îles du Grand océan: des paysages, des vues maritimes, et plusieurs objets d’histoire naturelle (PDF-bestân; 23,80 MB). De l’Imprimerie de Firmin Didot, Parys 1822
- Vues et paysages des régions équinoxiales, recueillis dans un voyage autour du monde, par Louis Choris, avec une introduction et un text explicatif. Paul Renouard, Parys 1826
- San Francisco One Hundred Years Ago (PDF-Datei; 7,13 MB), A. M. Robertson, San Fransisko 1913
- Journal des Malers Ludwig York Choris, fannijs útjûn, mei kommintaar, fan Niklaus R. Schweizer, Peter Lang, Bern 1999. ISBN 3-906756-63-7
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Louis Choris fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |